Opknapbeurt foar Sleat

01 apr 2014 - 21:47

De Skâns yn it Bolwurk fan Sleat wurdt opknapt. It parkearterrein tusken de RK tsjerke en it Bolwurk komt djipper te lizzen, sadat de auto's it sicht op de stêd net mear fersteure. Fierder wurdt de strjitte oanpakt en der komt by de tsjerke in poadium fan gers.

De totale kosten fan de renovaasje wurde rûsd op 86.000 euro. De Stichting Vrienden van Sloten lizze 50.000 euro op it kleed. De oare helte komt fan de gemeente en de provinsje. Tiisdei is mei it wurk útein setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)