Opknapbeurt foar seediken

31 jan 2013 - 21:06

Bewenners fan It Amelân kinne harren nije wike tiisdei byprate litte oer de plannen foar de ferbettering fan de seediken op it eilân. Dy diken binne oan in opknapbeurt ta om't se net langer foldogge oan de feilichheidsseasken. Al sûnt 2009 docht it Wetterskip ûndersyk nei hoe't de diken oanpast wurde moatte, en sa as it no liket hoecht der minder te barren as earder tocht.

De totale kosten fan de plannen wurde rûsd op 65 miljoen euro. Nei de oanpak, dy't yn 2018 klear wêze moat, moat de dyk yn elk gefal wer 50 jier mei kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)