Opknapbeurt foar feardaam It Amelân

24 jul 2015 - 16:43
  • It Amelân

De feardaam fan It Amelân is sa bot fertutearze dat in opknapbeurt hurd nedich is. No't Wetterskip Fryslân begûn is mei de dykfersterking hat de gemeente Amelân har kâns grypt om ek de feardaam oan te pakken.

De kosten fan it projekt wurde rûsd om de 1,4 miljoen euro hinne. Dêrmei wurdt ûnder oare de haven en de promenade fan it eilân oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)