Opknapbeurt fjild fan H'fean

09 feb 2006 - 17:10

It fjild fan sportklub Hearrenfean krijt alwer in opknapbeurt. Dit kear giet it om in tredde part fan it fjild. Sa'n 2500 kante meter by de middenline wurdt ferfongen troch in nije gersmatte. De Limburgske Firma Hendriks hie garandearre dat as it fjild net foldwaan soe, sy it kosteleas ferfange soene.

Troch de froast wie it fjild min bespylber. It fjild is klear foar it duel fan takom sneon tsjin Vitesse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)