Opknapbeurt De Harkema

17 jan 2011 - 11:57

De Warmoltstrjitte yn it sintrum fan De Harkema wurdt opknapt. In supermerk en in húsdokters hawwe belangstelling foar nijbou. De bou kin nei alle gedachten dit jier begjinne. Yn 2009 waarden de plannen noch op in sêft sin set. De wenningboukorpaasje krige de finansiering doe net klear.

De nije projektûntwikkelder Vastbouw hat al plannen foar de bou. Neist de supermerk en de soarchfoarsjennings komt der ek in winkel. Dêrnei krijt de rest fan 'e strjitte in opknapbeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)