Opknapbeurt Aldehou

21 sep 2007 - 16:37

De binnenkant fan de Aldehou is ta oan in flinke opknapbeurt. Dat fynt de Stichting Vrienden van de Oldehove. Dy nije stichting hat plannen ûntwikkele dy't noch troch de gemeenteried beoardiele wurde moatte.

De stichting wol dat der in gedieltlik glêzen flier komt by de yngong fan de toer. De romte op de earste ferdjipping moat in eksposysjeromte wurde dêr't ek keamerkonserten en lêzingen hâlden wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)