Opjaan foar Tall Ships Race

08 apr 2011 - 11:06

De Tall Ships Races yn Harns hat in eigen website lansearre. De race mei de grutte sylskippen is yn de simmer fan 2014, mar minsken kinne harren no alfêst oanmelde mei ideeën op www.harlingensail.com.

Harns is yn 2014 gasthaven. De skippen sile dêrwei nei Noarwegen en dan nei Denemarken. Doel fan de races is jongeren oant 25 jier in training te jaan. Dy kinne harren op de site ek opjaan. De sylwedstriid is ûnderdiel fan in grut nautysk evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)