'Opheffen Lauwersland spitich'

23 mrt 2013 - 13:10
  • Lauwersland

It is hiel spitich dat de toeristyske gearwurking Lauwersland opheft wurdt. Der is krekt in protte tiid en jild ynstutsen en in goed alternatyf is der net. Dat fynt rekreaasje-ûndernimmer Hilda de Jong fan kemping Botniahiem yn Damwâld. Sy stie as meiwurker fan it VVV yn Noardeast-Fryslân mei oan de basis fan de Lauwerslandgearwurking.

Freed waard bekend dat de fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân en de trije yn Noardwest-Grinslân net mear fierder wolle mei Lauwersland. Se soene te ferskillend wêze.

Yn Noardeast-Fryslan wurdt mear ferwachte fan de regiomarketingkampanje Dwaande. De Jong tinkt dat it hiel belangryk is, dat der VVV-kantoaren bliuwe, dêr't toeristen terjochte kinne foar ynformaasje en folders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)