'Ophâlde mei skiedsrjochtertest'

14 aug 2004 - 16:38

It moat dien wêze mei it pleagjen fan skiedsrjochters. Dat seit foarsitter Riemer van der Velde fan Sportklub Heerenveen. Van der Velde doelt dan op de swiere testen dy't skiedsrjochters ûndergean moatte foar't se yn aksje komme meie op it fjild.

De persoanlikheid en it karakter fan de skiedsrjochter binne folle belangriker as it heljen fan in hurdrintest, fynt Van der Velde. Hy pleitet fierder foar in spesjale promotor foar it fak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)