'Ophâlde mei drigeminten'

22 jul 2006 - 17:26

De organisaasje fan it Feanhoop- festival ropt besikers fan de ynternetside op om op te hâlden mei it pleatsen fan drigeminten oan it adres fan Theo de Groot. De Groot is al jierren dwaande om it festival tsjin te hâlden.

Ferline wike ha beide partijen in oerienkomst sletten. It festival mei dit jier noch op itselde plak hâlden wurden, mar moat takom jier in oar plak fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)