OPG op It Hearrenfean giet ticht

25 jul 2001 - 00:00

De farmaseutyske gruthannel OPG op It Hearrenfean giet ticht. By it bedriuw wurkje fjirtich minsken. De Onderlinge Pharmaceutische Groothandel bout in nij magazyn foar it hiele Noarden yn Meppel.

De Fryske festiging makket benammen bestellingen klear. Neffens de ûndernimmingsried giet it om in gewoane ferhuzing en hâldt elkenien syn wurk. It personiel fynt de sluting net slim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)