Opfriezend sâlt makket it glêd

28 feb 2005 - 14:28

Op de A7 hawwe moandeitemoarn ferskate ûngelokken west troch glêdens. Benammen op de op- en ôfritten wie it glêd. Dat komt om't it sâlt dat der struid is, opferzen is. Troch de kristallisaasje wurdt it glêd.

Benammen tusken Hearrenfean en De Jouwer wie it yn de moarnsspits in gaos. Der stie fiif kilometer file foar it ferkearsplein De Jouwer. Ek yn Drachten en Ljouwert wiene der ferkearsopstoppings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)