Opfolging boargemaster Pitlo

30 mrt 2003 - 00:00

De gemeenterie fan Gaasterlân-Sleat praat kommende woansdei oer de opfolging fan boargemaster Pitlo. Dy nimt op 1 desimber ôfskie fan Gaasterlân-Sleat. De gemeente stelt woansdei de profylskets foar de nije boargemaster fêst.

Dêr steane de easken yn dêr't in kandidaat oan foldwaan moat. Kommissaris fan de Keninginne Nijpels brûkt dy beskriuwing by de sollisitaasje-proseduere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)