Opfolger foar Lyklema fûn

08 mrt 2007 - 22:02
  • Tjeerd van der Zwan

Tjeerd van der Zwan (PvdA) wurdt sa goed as wis de nije boargemaster fan Achtkarspelen. De gemeenteried hat Van der Zwan foardroegen. Van der Zwan is op it stuit wethâlder yn de gemeente Lelystêd. Hy hat dêr ûnder mear romtlike oardening en ûnderwiis yn portefúlje.

De Minister fan Ynlânske saken moat de beneaming fan Van der Zwan noch befestigje. Hy wurdt de opfolger fan Louis Lyklema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)