Opfolger Florijn nei de simmer

02 jun 2011 - 12:48
  • It stedhûs fan Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

De opfolger fan wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert kin op syn betiidst ein augustus oan de slach. Dat ferwachtet PvdA-fraksjefoarsitter Sjoerd Feitsma. Florijn is mei yngong fan nije wike wethâlder yn Rotterdam.

De syktocht nei kandidaten bart sawol yntern as ekstern. Nije wike ferskynt der in advertinsje. De beneaming kin heal july wêze. Yn de simmer moat de opfolger him de saken eigen meitsje. Florijn hie in swiere portefúlje mei ûnder oare sosjale saken en finânsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)