Opfarrenden boat oanhâlden

09 jun 2008 - 08:04
  • Mei 6 man sieten se op 'e speedboat
  • Twa opfarrenden lizze noch yn it sikehûs

Trije fan de opfarrenden dy't op de speedboat sieten dy't freedtenacht op in binnenfeartskip botst is, binne oanhâlden troch de plysje. By de oanfarring tusken Grou en Warten kaam in 42-jierrige Jellumer om it libben.

Twa oare opfarrenden lizze noch yn it sikehûs. Op de speedboat sieten neist de Jellumer fjouwer man út Ljouwert en in Wergeaster. De plysje hat de oare opfarrenden oanhâlden om se hearre te kinnen oer de tadracht fan de oanfarring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)