Opfanghûs yn Burgum iepen

23 feb 2011 - 12:51

Jeugdhelp Fryslân nimt woansdei de gesinsferfangende opfang yn Burgum yn gebrûk. It sintrum is bedoeld foar bern tusken 7 en 13 jier dy't út hûs pleatst binne. Se wurde opfongen en behannele. Yn de nije opfang is plak foar 24 bern, mar der wurdt begûn mei 16. De oare plakken wurde frijhâlden foar krisisopfang.

De festiging fan Jeughelp Fryslân yn Burgum betsjut de ein fan it tehûs Mooi Gaasterland yn Riis. Bern wurde tenei yn Burgum en Ljouwert opfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)