Opfanghûs foar jongerein

16 sep 2002 - 00:00

Ljouwert krijt in opfanghûs foar jonge swalkers. Dêr moatte tritich jongerein tusken de 16 en 23 jier in plak fine kinne. Yn maksimaal in heal jier moatte se leare en wurkje.

It opfanghûs is in inisjatyf fan De Terp en Jeugdsoarch Fryslân. Foar in lokaasje is it each fallen op it âlde Tjallingahiem, Huzumerleane. Oerheid, bedriuwen en ynstânsjes betelje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)