Opfang Wytmarsum bliuwt iepen

25 jan 2005 - 06:28

It opfangsintrum foar útprosedearde asylsikers yn Wytmarsum bliuwt iepen. In ûnbekende provinsjale organisaasje is ree de hier fan 8.000 euro yn de moanne te beteljen.

Ferline wike makke eigner Van der Molen bekend dat de opfang mooglik ticht gean soe om't hy de hier net langer betelje kin. Troch de stipe fan de ûnbekende organisaasje bliuwt de opfang no foarearst iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)