Opfang Súdlannen goed regelje

14 aug 2008 - 09:48

De gemeente Ljouwert moat yn 'e nije wenwyk Súdlannen net deselde flater meitsje as yn Suderbuorren mei de berne-opfang. Dêr warskôget de FNP-fraksje foar. Yn Suderbuorren binne wachtlisten fan jierren. De gemeente hie net ferwachte dat sa'n soad húshâldings mei lytse bern yn dy wyk komme soene te wenjen.

Súdlannen wurdt trije kear sa grut as Suderbuorren. De FNP wol no witte wat B en W dogge om itselde probleem foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)