Opfang net nei Wurdumerpoarte

24 sep 2013 - 22:52
  • It opfanggebou oan De Tunen
  • Nachtopfang Zienn

De dei-opfang fan swalkers en drugsferslaafden ferhuzet net nei de Wurdumerpoarte, dat hawwe B&W fan Ljouwert besletten. De kombinaasje mei de nachtopfang dêr is net goed, sa docht bliken út in rapport. De groep minsken dy't opfongen wurdt, is dan sa grut dat it dreech is om der goed tafersjoch op te hâlden.

Ien en oar betsjut dat de dei-opfang fan Zienn op de Sudergrêftswâl en dy fan it Leger des Heils op de Túnen iepen bliuwe.

Yn de takomst kin it dochs goed wêze om beide foarmen fan opfang op ien lokaasje te bondeljen, mar dêrfoar moat dan wer in hiel nij ûndersyk opstarten wurde om dêr plak foar te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)