Opfang freget help bistetunen

08 jan 2012 - 15:22

De seehûnekresj fan Lenie 't Hart yn Pieterburen ropt de help yn fan bistetunen yn binnen- en bûtenlân om te helpen mei de opfang fan seehûnen. It is de bedoeling dat de bistetunen sels frijwilligers leverje.

De opfang sit troch de stoarm fol mei oanspielde seehûnen. Op dit stuit hat de kresj ekstra tinten op it hiem te stean om de 365 bisten op te fangen. Fjirtich frijwilligers binne dei en nacht dwaande mei it fersoargjen fan de seehûnen. De lanlike tak fan de bistebeskerming is ek frege om frijwilligers te leverjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)