Opfang foar dakleaze jongerein

07 maaie 2003 - 00:00

Jongeren tusken de 12 en 25 jier dy't dak- of thúsleas binne, kinne ynkoarten telâne yn in spesjaal opfanghûs yn Ljouwert. Yn dy leeftiidsgroep hawwe 150 minsken yn Ljouwert en omkriten gjin dak boppe de holle. It Huis voor Jongeren komt oan de Huzumerleane. Der is plak foar 22 minsken.

Yn de rest fan it lân binne goeie resultaten berikt mei jongereinopfang. Sa'n 60 prosint fan de opfongen jeugd komt mei súkses werom yn de maatskippij

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)