Opfang flechtlingen It Hearrenfean en Harns ferlingd

25 sep 2015 - 17:55
  • De eardere opfanglokaasje yn de Waddenhal yn Harns
  • De opfanglokaasje op It Hearrenfean

De flechtlingen dy't op It Hearrenfean en yn Harns tydlik opfongen wurde, bliuwe nochris 72 oeren. It COA hie de gemeenten hjir om humanitêre reden om frege. De flechtlingen bliuwe no oant en mei woansdei yn de Blauwwithal op It Hearrenfean en de Waddenhal yn Harns.

De flechtlingen wurde sûnt tongersdei opfongen. Fanwegen de drokte om de opfang te regeljen, hat de gemeente It Hearrenfean de buorgemeenten om stipe frege. Amtners fan Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân stypje de gemeente no by it organisearjen fan de opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)