Opfang ferslaafden iepene

10 jun 2002 - 00:00

De buert is der noch net tefreden oer, mar moandei iepene dochs de nije opfang foar drugsferslaafden yn Ljouwert syn doarren. De opfang stiet oan de Sudergrêftswâl.

De omwenjenden binne bang dat har wyk ûnfeiliger wurdt troch de komst fan ferslaafden dy't omhingje. Sy ha om 'e nocht protestearre, oant by de rjochter. Woansdeitejûn hâldt de opfang iepen hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)