Opfang earwraak yn Fryslân

08 feb 2007 - 21:03

Der komt yn Fryslân in proef mei needopfang foar jonge froulju dy't it slachtoffer wurden binne fan geweld troch earwraak.

Dat hat minister Verdonk tongersdei tasein yn in oerlis mei de Twadde Keamer. By earwraak wurde net troude froulju, dy't in misstap meitsje, troch harren famylje te plak setten om de ear wer werom te krijen. Neist de opfang krije de famkes ek begelieding en edukaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)