Opfang earewraak-slachtoffers

04 mrt 2005 - 12:13

Famkes dy't slachtoffer binne fan earewraak, wurde tenei ûnderbrocht yn in geheim opfanghûs yn Ljouwert. Vrouwenopfang Fryslân wol earst trije famkes opfange, letter kinne dat der mear wurde.

Neffens de Vrouwenopfang moatte hieltyd mear jonge, faak islamityske famkes op de flecht foar har famylje. De famkes soene mei har gedrach de eare fan de famylje skeind ha. De Vrouwenopfang siket noch 1,5 ton foar de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)