Opfang ambulânsemeiwurkers

31 des 2009 - 12:09
  • De tastân fan de ambulânsesjauffeur is krityk

Meiwurkers fan de ambulânsetsjinst yn Ljouwert wurde opfongen troch it bedriuwsopfangteam. By in swier ûngelok woansdei op de Hendrik Algrawei by Ljouwert is ien fan har kollega's swier ferwûne rekke. By it ûngelok wiene trije frachtweinen en in sike-auto belutsen. De sjauffeur fan de ambulânse fjochtet foar syn libben.

De ambulânsemeiwurkers sykje stipe by elkoar op de post. Dêr prate se mei elkoar en kinne se ek profesjonele help krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)