Opfallende 'hânstoel' stellen

21 aug 2013 - 20:22
  • Undernimster Janet van der Slikke op de hânstoel
  • De stuollewinkel mei links de hânstoel

De Ljouwerter ûndernimster Janet van der Slikke hat hûndert euro oer foar de gouden tip dy't har stoel yn de foarm fan in hân werombringt. De stoel stie jierrenlang bûtendoar by winkel. Sûnt in wike is er poater.

Van der Slikke hat in stuollewinkel oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. De bysûndere stoel wie har byldmerk. Der is neffens har mar ien fan op de hiele wrâld. Se hat de stoel ea kocht fan in ferdivedaasjepark yn België. De ûndernimster hat oanwizings dat de stoel noch yn Ljouwert is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)