Operaasjeteam MCL nei Irak

04 sep 2003 - 00:00

In operaasjeteam fan it Ljouwerter sikehûs MCL sil nei Irak. It team fan 5 spesjalisten sil oan 'e slach yn it fjildsikehûs fan de Nederlânske militêren dy't dêr stasjonearre binne. Sân wiken lang sille se operearje moatte yn in grutte tinte mei in temperatuer fan sa'n 48 graden.

Mar echt drok tinke se it net te krijen. It team sil nei As Samawah, in plakje yn it Suden fan Irak. Yn dizze regio is it rêstich en relatyf feilich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)