Opera Spangea wurket gear mei festival yn Oranjewâld

20 feb 2015 - 19:34
  • Oranjewâld

Opera Spangea is dizze wike úteinset mei de kaartferkeap foar syn nijste produksje: The Electric Flute. Dizze wurdt lykwols net spile yn Spangea, mar yn Oranjewâld mei it Oranjewoud Festival. Ein maaie en begjin juny fine acht foarstellings plak.

De opera is basearre op Die Zauberflöte fan de ferneamde komponist Mozart en spilet him ôf yn Washington DC. De opera giet oer macht, polityk en folwoeksen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)