Opera Spangea opnij ûnder fjoer

14 maaie 2005 - 10:05

De omstriden produksje 'Sancta Susanna' fan Opera Spangea giet freed gewoan troch yn de Johannes de Dopertsjerke. It stik wie dêrhinne ferpleatst, omdat it parochybestjoer it net yn de Bonifatiustsjerke ha woe.

De Dopertsjerke is net mear yn gebrûk as tsjerke. Der is wol in foarlopich keapkontrakt sletten mei in projektûntwikkelder. Dy woe de foarstelling ek tsjinhâlde. Dat is net slagge. De saak is útpraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)