Open Universiteit moat bliuwe

01 okt 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol mei de provinsje besykje de Open Universiteit iepen te hâlden. Neffens de gemeente ha studinten rjocht op in servicepunt yn Ljouwert. Der binne 725 studinten.

Mei in petear hoopje de oerheden it bestjoerskolleezje op oare gedachten te bringen. Seis fan de 18 stúdzjesintra moatte ticht, sa makke de Open Universiteit moandei bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)