'Open Stal' yn Aldeberkeap

17 jul 2000 - 15:27

'Open Stal' yn Aldeberkeap organisearret in moanne lang in keunst- en sjochrûte. Op de jierlikse manifestaasje binne oer in rûte fan twa kilometer ferskillende keunstfoarmen te besjen: fan keramyk, glês, strips en bylden oant skilderijen.

De iepening is sneon 29 july om 13.00 oere. Alle middeis oant 18.00 oere stiet de rûte iepen foar publyk. 'Open Stal' duorret oant en mei 27 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)