Opdrachten Brada lizze stil

21 aug 2003 - 00:00

Transportbedriuw Postma en stomerij Miedema yn Ljouwert reitsje mei it fallite slachtbedriuw Brada in grutte klant kwyt. No't de produksje fan it fleisbedriuw stilleit, komme der ek gjin opdrachten mear.

Postma ferfierde jierrenlang alle produkten fan Brada. De fjouwer kuolauto's kinne no lykwols net ride. Ek stomerij Miedema yn Ljouwert ferliest in grutte klant. Sy wosken altyd de klean fan 'e slachters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)