'Opdoeken NNBT net ferantwurde'

12 maaie 2003 - 00:00

It opdoeken fan it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme(NNBT) hat dramatyske gefolgen foar it toerisme. Dat sizze alteast bestjoer en direksje fan it NNBT. De organisaasje frege koartlyn de provinsjes om trije miljoen stipe ekstra. As dat jild der net komt, en dêr liket it op, driget in fallisemint.

Neffens it NNBT driigje in soad fakânsjes fan minsken dy't fia it NNBT boek ha yn it wetter te fallen as it buro samar opdoekt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)