Opbringsten foar Azië

07 jan 2005 - 15:34

Aksjes foar Azië ha tongersdei tsientûzenden euro's opsmiten. De bingo en lotterij yn soarchsintrum De Foswert yn Ferwert hat 3750 euro opbrocht.In sponsorrin fan bern op Skylge smiet hast 2500 euro op. De biljertmaraton en de benefytkonserten yn Wommels wiene goed foar dik 31.000 euro.

De meiwurkers fan it callcenter yn Dokkum ha foar de aksje "Fryslân foar Azië" de hiele dei bedriuwen belle. Dat brocht hast 80.000 euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)