Opbringst poaters kin omheech

04 aug 2012 - 14:14

It rendemint fan de poatjirpeltylt kin omheech as je gebrûk meitsje fan in systeem dat eltse plant apart wetter en keunstmest jout. Op de proefbuorkerij yn de Kollumerwaard wurdt hjir ûndersyk nei dien yn opdracht fan lânbou-organisaasje LTO. Dy wol witte hoe't de lânbou it bêste ynspylje kin op mooglike klimaatferoarings.

By de proefbuorkerij lizze yn it jirpelfjild slangen mei lytse gatsjes dy't wetter fuort by de woartels fan de plant bringe. De opbringst fan de plant giet hjirmei omheech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)