Opbou sânskulptueren yn Snits set útein

28 maaie 2015 - 16:11
  • It sânskulptuerefestival 2014 is op 'e nij yn Snits

Sa'n 20 ynternasjonale keunstners sette oer goed in wike útein mei de opbou fan sânskulptueren yn Snits. It festival, dat op 13 juny fan start giet, hat dit jier as tema 'in reis rûnom de wrâld'. Under oaren de arsjitektuer fan Europa, de bisten fan Afrika en de timpels fan Azië wurde neiboud yn sân.

De skulptueren binne de hiele simmer te sjen. Oan it begjin fan it festival fynt boppedat noch it NK sânskulptueren plak. Dat is, yn tsjinstelling ta ferline jier, ek foar it publyk te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)