Opbou metalfestival Ljouwert

08 aug 2013 - 10:21
  • Into The Grave fan in eardere edysje

By de Aldehou yn Ljouwert wurdt tongersdei en freed opboud foar it metalfestival Into The Grave. ITG fynt sneon plak. Tongersdei wurdt it poadium opboud. Freed wurde de lûdsynstallaasje en it ljocht ynstallearre.

Hûndert frijwilligers soargje derfoar dat it festival yn goede banen rint. De organisaasje ferwachtet sawat fjouwertûzen besikers. Ferline jier kamen der 3500 op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)