OPA Snits kin dochs trochgean

29 nov 2013 - 15:50
  • O.P.A. Snits

Ald-papier-opheltsjinst OPA yn Snits kin dochs trochgean. Fjouwer dagen yn de wike helje frijwilligers âld papier op by 150 bedriuwen en winkels yn 'e stêd. Sa kinne se alle jierren tusken de 10.000 en 20.000 euro oan it goede doel skinke. Nei fjirtich jier like der in ein oan te kommen, want de gemeente woe net langer in minimumpriis biede foar it papier.

Omrin hat no tasein dat OPA útgean kin fan in minimumpriis foar it papier. It kontrakt mei Omrin rint yn alle gefallen twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)