Op syk nei 'roots' Mickey Mouse

28 okt 2001 - 00:00

It Noardlik Filmfestival bringt dit jier in earbetoan oan de tekener fan Mickey Mouse. Ub Iwerks dy't 100 jier lyn berne waard yn Amearika hie Fryske foarâlden. Syn heit kaam út Uttum yn East-Fryslân.

Fanwege dit bysûndere feit organisearet BoekWurk yn gearwurking mei it Filmfestival in tal aktiviteiten ûnder de namme 'Freezing Mickey'. Sa wurdt der in bustocht hâlden mei Mindert Wijnstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)