Op staazje èn missy om utens

25 mrt 2008 - 17:10

De Betheltsjerke yn Drachten wol de bûtenlânske staazjes fan har jonge leden oangripe om it leauwen yn it bûtenlân te fesprieden. De tsjerke ropt har leden op de webside op om tagelyk mei de staazje ek op missy te gean. Neffens de tsjerke soe der ek al aardich wat belangstelling foar wêze.

Goed 20 jongeren soene har al oanmeld hawwe. De Betheltsjerke moat noch wol mei de skoallen om tafel om te sjen oft it mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)