Op slooptocht yn Grins

17 feb 2008 - 12:58

Twa jonges út Donkerbroek (16) en Wynjewâld (19) binne sneontenacht yn Grins oanhâlden foar fernielerij. De twa hiene besocht in flagge yn de brân te stekken, mar dat slagge har net. Dêrnei sloopten se it rút fan in bushokje. Fierder ha se ek noch in hage fernield en ha se besocht in flaggemêst om te heljen.

De plysje hat se meinaam nei it buro. Dêr ha se bekend dat se ferantwurdlik wiene foar de fernielerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)