Op pony by de 11 stêden del

10 jul 2011 - 12:30

De 13-jierrige Ymkje de Vries fan Nijhoarne mei yn septimber yn Amearika in wike meifarre op de VOC-replika de Halve Maen. Oan board moat se wittenskiplike proeven dwaan en de Ingelske taal goed yn 'e macht sjen te krijen.

Om mei te kinnen moast se har motivaasje dúdlik meitsje en ek hoe't se it jild foar de reis, sa'n tûzen euro, ynsammelje woe. Se wol dêrfoar mei har pony by de alve stêden del. In reis fan goed 200 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)