Op It Hearrenfean komt ek krisisneedopfang

23 sep 2015 - 14:01

Op It Hearrenfean komt ek in krisisneedopfang foar flechtlingen. De Blauw-Wit hal oan It Hege Stik wurdt dêrfoar klearmakke. De flechtlingen krije foar maksimaal 72 oeren ûnderdak. De gemeente Hearrenfean hat mei it COA ôfpraat dat der maksimaal 200 flechtlingen yn it gebou tydlik opfongen wurde meie. De komst fan de earste groep út Amsterdam is útsteld nei tongersdei.

De sporters dy't fan de Blauw-Wit hal gebrûk meitsje wurde ynformearre oer de flechtlingen en wat de gefolgen dêrfan binne foar trainingen en wedstriden.

Foar in eventuele ferlinging fan de opfang moat it COA in nije oanfraach dwaan by de gemeente Hearrenfean. De opfang hat nammentlik flinke konsekwinsjes foar de sportklups.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)