Op 'en nij brân yn trein

21 sep 2000 - 12:00

Ferfiersmaatskippij Noordned lit de treinstellen ekstra kontrolearje nei de twadde brân yn ien wike tiid. Ferline wike wie der brân yn in trein by Bûtenpost, tiisdei barde dat op it trajekt Grins-Delfsyl by Bedum

Underhâldsbedriuw NedTrain fiert de ynspeksjes út. Noordned ûntkent dat de treinen ûnfeilich binne. De brânen hawwe neat mei min ûnderhâld te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)