Op ekskursje om nije wyk te sjen

15 feb 2006 - 09:14

Ynwenners fan Aldwâld en oaren mei belangstelling foar de ynrjochting fan in nije wenwyk kinne yn Grinslân sjen hoe 't de nije wyk der út komt te sjen.

De gemeente en wenningboustifting Kollumerlân noegje de minsken út foar in ekskursje nei Grins en Appingedam dêr't wiken binne dy't lykje op wat by Aldwâld komme moat. De bedoeling is om minsken meiprate te litten oer de plannen. Dêrfoar wurde der ek noch twa gearkomsten organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)