Op 'e nij in wynmûne yn Eastrum

11 apr 2002 - 00:00

De gemeente Dongeradiel hat Van der Wal in fergunning jûn om in wynmûne by it stienfabryk yn Eastrum te bouwen. In pear jier lyn hie Van der Wal yllegaal in wynturbine boud. Nei in lange juridyske striid bepaalde de rjochter yn 1999 dat de mole fuort moast.

De nije wynmûne wurdt oardel meter koarter en komt oan de súdeastkant fan it fabryk te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)