Op 'e nij túnbrân op It Fean

12 jan 2009 - 10:36

Op It_Hearrenfean is sneintenacht foar de twadde nacht efterinoar brân stichten yn in tún. Yn de Azalea-strjitte baande in konifearehage ôf.

De 19-jierrige fertochte fan It Fean seit dat er in peukje fuortsketten hat, wêrtroch de hage yn 'e brân fleach. Hy soe skrokken wêze fan de brân dy't ûntstie en dêrom útnaaid wêze. De plysje siket út oft de man belutsen west hat by de brânstichtingen yn de Blommebuert yn de nacht fan sneon op snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)